Huldigingen

Freed 20 april wie de jierfergadering fan V en V. Ofskie fan it bestjoer naam Baukje Herder. Har opfolgster is
Nora Stoffelsma.
Der waarden dizze jûn ek 3 jubilarissen huldige.
25 jier lid binne Siemen Timmermans en Luut Peter Nieuwenhuis. Sy krigen beide de traditsjonele V en V Handoek.
60 jier lid is Alie Hoekstra – de Boer. Sy krige in moai oantinken yn plexiglês en in bosk blommen.