V en V A1 – DFD A2

Op saterdei 8 decimber, wie it dan safier. VenV A1 tsjin DFD A2. In hiele belangryke wedstryd. DFD is in ploeg wer dast fan winne wolst.De oefenwedstryd tsjin dizze ploeg op it fjild wie bagger, wy koenen winne, mar we lieten ús net fan úze beste kant sjen. Dus…. revanche! We begongen gesellich te baljen, goed tempo, leuk spultjse. Hester makke al rap in moaie lytse kans, dy tsjin ferdedigjen oan siet. Mar ja, der sil ik myn famylje skeidsrjochter net foar ôfseike, want ik wie der harstikke bliid om. Itselfde famke, úze Hes, skoarde nog in kear, dus kaam de stân al op 0-2, aardig betiid yn de wedstryd. Huppakee, wikselje fan fakken, en we stjinne wer klear. Stjin ik der moai yn de oanfal, kreie we, troch úze Hester, in strafworpke tsjin. Se joech in trieuw in de  rêg. Gelyk hie se, dat famke fan har wie fjirsten te rap. Mar, om wer by it ferhaal te kommen, DFD makke de strafworp, en in wie wer in wedstryd. Dus, de oanfal sa fan: Bliksem. No moatte we skoare! Mar oan de rust ta, woe it net mear. Ik (Jan Jacob) wie absoluut net op skot, en siet qua oanfallen net goed yn de wedstryd.  Nei de speech fan úze professionele coach, kaam DFD wer tichterby. Se skoarden ferdorie in ôfstander tsjin my. 3-2. Doe begong it te kriebeljen. No moasten wy skoare, oaser kaamen se wol hiel tichtby. Dus ik sjitte, sjitte, sjitte. Mar dat rot ding woe der net yn. Op lest kaam selfs de 3-3 op it skoreboerd. En dan is it net sa leuk mear. Ast as team seinde, de hiele wedstryd goed spylest, en dast dan gelyk komst, dan ist net sa leuk mear.  Afain, Jelmer hie net de rapste hear. Dus ik sei sa, gjin der es om hinne. En ferrek. 3 minuten foar tiid, skoart Jelmer (mei syn ynfalbeurt) in trochrinbal. In gouden wiksel. En heuj, wy ha won mei 4-3. Ik mei sizze, dit wie in hiele spannende wedstryd. De minsken dy it sjoen ha, sille de adem ek ynhâlden ha. En dat ik ek nog in strafworp mist ha, is allinich mar in fout wer je fan leare kinne. Dat kin eltsenien gebeure. Mar, dizze oerwinning is te danken oan it hiele team. We ha geweldig spyle. Myn komplimenten oan de neielingen: Marten en Anja. Bjusterbaarlik. En fjidder komplimenten oan alle oare teamgenoten. 4 punten út 4 wedstryden. Dat is better dan it fjildseizoen.  Danke wol foar it lêzen, en jimme hienen nog in oerwinning te goede. No, hjirer wie der dan. Ik soe sizze, Oant Moarn, oftewel tot morgen. Jan Jacob van der Zee