VenV A1 – It Fean A1 08-09

Op in moaie saterdeimoarn moast de A1 fan VenV thùs tsjin It Fean oantrede. It soe in spannende wedstryd wurde moatte, want op de Quickseries waard de eindstân 2-2. Net san soad goals, mar doe wie der ek minder spyltiid. It komplete tiim wie der, behalve Joost, Hanneke en Jouke. Dat makket it team dochs wat minder kompleet mar dochs, it giet om it idee..  Lennert wie dizze dei ús leaftallige coach. Noch in foarbesprekking foar de wedstryd, wer’t Lennert ùs dúdlik makke dat hy net fan ferliezen halde, iets wat ik wolris faker murken hie. Doe de wedstryd begong, kamen we al rap op in foarsprong troch in magnefyk ôfstânskot fan Taede. 1-0. Allinich, dizze foarsprong waard ferspile troch Jan Jacob, dy’t in trochrinbal om de earen kryg ( al fûn ik sels dat it snijen wie). In fakkenwiksel, en al rap foel de 2-1, troch in moaie útstarter fan Peter. Mar, de Surhústerfeanders wienen oan ús weage, en al rap kryg Tsjitske in strafworp tsjin. 2-2. Dochs kamen we wer op in foarsprong troch in strafworp, dy Taede der yn smiet. Mar it soe ek wer net oars, we kaamen op in achterstân.. In trochrinbal tsjin Hester en in ôfstânskot tsjin Anja. 3-4. Dochs woenen we net ferlieze, en troch twa trochrinballen -ien fan Angelien en ien fan Tjitske- waard it wer 5-4. Foar de rest woenen we ús foarsprong behâlde, want dan kinne je mei in gerêst hert in bakje thee drinke no? Mar troch in ôfstânskot tsjin Jelmer kaamen we dochs wer op in 5-6 achterstân. Gelokkig mikte Jan Jacob foar de rust noch in strafworp troch de koer hinne. Fuort nei it skoft makke Taede in strafworp sadat de stân 7-6 waard. Mar doe gong der wat hielendal mis mei Vlug en Vaardig A1. Alle kânsen misten we, en It Fean makke harren kansen wol ôf. Fiif goals folgden, fjouwer ôfstânskotten, ûnder oare troch Taede en Peter, en noch ien trochrinbal. Gefolch: VenV A1 ferliest de wedstryd mei 7-11.  Ik bin der fan oertjûge dat we ferlen hawwe troch de slechte passing, it net ôfmeitsjen fan de kansen en it ûntbrekken fan de skerpte. It is spitich, mar helaas, folgende kear better. Ik soe sizze: Minsken, adieu, en kom foaral ris sjen by de A1, want wy (en jimme) ha noch in oerwinning te goede! Skreaun troch: Jan Jacob van der Zee