Groen licht voor de nieuwe Westermar!

Artikel van Omrop Fryslan. Link: https://www.omropfryslan.nl/nijs/868565-ried-tytsjerksteradiel-jout-grien-ljocht-foar-nije-westermarsporthal

Burgum kriget foar in lytse tsien miljoen euro in nije sporthal. De ried fan Tytsjerksteradiel joech tongersdei grien ljocht foar de bou fan ‘De nije Westermarsporthal’.

Dy komt yn plak fan de sporthal dy’t yn 2017 ôfbrânde. De nije hal sil plak biede oan bûten- en binnensporters, sa is it plan. Wethâldster Gelbrig Hoekstra (CDA) giet der fan út dat de nije akkommodaasje Burgumers stimulearje sil om mear oan sport te dwaan. Oer it konsept fan de nije sporthal is yngeand neitocht troch in boargerinisjatyf fan Burgumers, dy’t ferskate sportferieningen fertsjintwurdigje.

De fuotbalferieningen fan Burgum, dy’t oan it fusearjen binne, hawwe de gemeente oanbean om it ‘sportkafee’ yn de nije sporthal te eksploitearjen. De ferieningen sille de eigen kantine dêrfoar opjaan. Net elkenien is bliid mei dat foarnimmen. De Keninklike Horeca is bygelyks benaud foar ûnearlike konkurrinsje foar de hoareka yn it doarp. Neffens Hoekstra is dat net nedich: “De nije kantine moat oan krekt deselde betingsten foldwaan. Dat betsjut dat de boel twa oeren nei de aktiviteit ticht moat.”

De bou fan de sporthal moat foar 1 oktober begjinne, want oars rint de gemeente de útkearing fan de brânfersekering mis. De ried stie dêrom tongersdei ûnder druk om in posityf beslút te nimmen. Dit ta argewaasje fan GrienLinks en de VVD. Dy partijen stimden beide tsjin it plan. De liberalen neame de ynvestearring fan 10 miljoen euro ‘ûnferantwurdlik’ foar in earme gemeente as Tytsjerksteradiel. Fraksjefoarsitter Dineke Wagenaar pleitet dêrom foar de realisaasje fan in neffens har reëler A-fariant, De mearderheid fan de ried folge it kolleezje en keas foar de ambisjeuze, mar ek djoerdere B-fariant.

De gong fan saken joech Wagenaar it gefoel dat kolleezje en koälysjepartijen net nei har arguminten harken: “Soms bekrûpt je wol ris it gefoel dat dit de Muppetshow is. Wat de opposysje seit docht der net ta, want de koälysje hat it al lang ‘bekokstooft’. Spitich dat it sa giet, mar sa is polityk.”