Kom op 27 april yn tenue nei it Unicumplein!
Garyp op ‘e televyzje
Fan tiisdei 26 o.m. saterdei 30 april komt Garyp yn byld foar Omrop Fryslân Televyzje. Want wy binne útkeazen foar it programma ‘Doch it foar dyn doarp’. Dat is fiif dagen middeis fan 16.30 oant 17.00 oere LIVE yn byld. It wurdt alle dagen útstjoerd fan it Unicumplein ôf. Bûtendoar, waar of gjin waar.
Doarpen meie sels kieze hoe’t se har presintearje. Yn Garyp hat de OVG, dy’t ús opjûn hat, in redaksje foarme om it programma ta te rieden.
Dy hat fiif thema’s betocht:
– mienskipssin (tiisdei 26);
– kultuer
– sport
– duorsum garyp
– feest (saterdei 30).
Woansdei 27 april komt it thema sport dus oan de beurt. It is fansels wol gesellich as der publyk komt te sjen. Dêr wurdt ek op rekkene. Graach alle kuorballers yn de trainingsklean komme! Graach op ‘e tiid, dat wy elkenien teplak krije kinne.
In priis
It giet ús der om dat Garyp in bytsje represintatyf yn byld komt. Net oubollich en ek net turbo, gewoan sa’t wy binne, en dan in bytsje posityf.
Mar wy wolle mei it programma eins ek in bytsje reklame meitsje foar Dynamyk yn Garyp, op 7 (duurloop) en 13 (manifestaasje) maaie.
En dat Dynamyk yn Garyp is wer bedoeld om de wrâld in bytsje better te meitsjen, via de Millenniumdoelen. Us OVG docht dêr oan mei.
Der is ek noch in priis te winnen, fan 10.000 euro. As wy dat winne, giet it jild nei the Hunger project. Dat is in project om honger te bestriden troch froulju, bern en lytse boeren sterker te meitsjen.
Sjoch ek op www.dynamykyngaryp.nl
Kom dus 27 april om 16:15 nei it Unicumplein yn Garyp, yn de tenues! Oant dan!