V en V 2 wint yn ferskrikkelik spannende wedstryd
Wat in thriller dêr yn Kampen justerjûn! Us twadde team moast tsjin neiste konkurrint Wit-Blauw spylje en wittende, dat de lêste sealwedstryd tsjin koprinner Drachten-Van der Wiel 3 is, winne om net te degraderen. De “bankâ€Â wie senuweftich en ek de supporters wiene net alhiel gerêst op de ôfrin. Fijn, dat der dochs in ploechje oanhang wie by sa’n fiere útwedstryd. De grien-witen starten net skerp. Wit-Blauw brûkte fanôf it begjin nochal wat fysyk geweld en dêr hiene guon spilers muoite mei. Kânsen wiene der trouwens genôch, mar skoare, ho mar. Der stie meastentiids in negatyf ferskil fan twa doelpunten op it skoareboerd, gelokkich waard krekt foar it skoft de oanslutende treffer noch troch it kuorke gooid. Nei de rêst stie der in hiel oar V en V. Rêstich baljend en om de kânsen sykjend waard der  lykmakke. Yn it iene fak koene Ludolf en Pieter mei steun fan Dieke en de ûnfersetberens yn de rebound fan Jelly kear op kear oanlizze en sadwaande twa punten foarsprong nimme. Yn it oare fak wie good old Grytsje Bosma fan stâl helle, hja spile foaral ferdigenend in bere-partij, en pikten Nelly, Tiede en Lennert harren doelpuntsjes mei. De thúsploech kaam amper mear oan skoaren ta en sadwaande siet de wedstryd op 12-17 yn ‘e knip. In kompliment foar Ronald, it team (Angelien,Dieke, Feikje, Grytsje, Jelly, Mathilde, Nelly, Evert, Johan, Lennert, Ludolf, Luut-Peter, Tiede) en de junioren, dy’t meastentiids wissel wiene. Hja hawwe de lêste wiken sjen litten, dat se groeid binne en yn dizze reserve 1e klasse thús hearre!