VenV A1 – Asko A2
V en V A1 – Asko A2 12 – 6
De junioaren formaasje under lieding fan de trainer / coach Klaas Jan Pander, hat in min skoft efter de rech. Ferskate belangrieke wedstriiden ferlern, wertroch de oanslutting foar it earste plakje ferspiele is. Wedstriiden dy’t hielendal gjin reden hienen om ferlern te wurden. Wedstriiden wer it spul net herkent waar, de ofspraken net neikaam waarden en minsken harren sels net wienen. It like wol at it fetrouwen fuort wie.
Mar sels dit wie alles noch net. It team wurdt ek noch konfrontearre mei blessueres. Jelmer leit der warskynlik seis wieken ut. Syn enkel(bannen) hawwe in flinke opdonder han. Taede is blesseart oan syn rinfinger dy’t ut de kom west hat.
Troch it feit fan dizze blessueres hie Chris de kans om yn de basis fan de A1 te stean. Chris hat sich goed sjen litten en die neat under foar it nifo dat der spile waar. It like of spile Chris al jierren mei yn de A1.
De opstelling wie yn de oanfal Pieter, Peter, Hanneke en Christa. De ferdiediging bestie ut Jan Jacob, Chris, Hester en Anja. It spul gie aardich en Pieter mikte ek fuort twa moaie ofstanners troch de koer om de 2 – 0 op it skoareboerd te setten. Ek Jan Jacob makke in bjusterbaarlike ofstanner, wertroch de skoare op 3 – 0 kaam. Asko kaam troch in omdraaibaltsje flak foar de koer werom nei 3 – 1. Dit koe net wardeart wurde en Pieter makke in moaie aksje fan in trochrinbal, mar waar oernaam. Peter startte ut en lei it baltsje der keurich yn en tekene de 4 – 1 of. Der kaam in perioade dat it wat minder gie en Asko kaam dan ek werom nei 4 – 3. It waar suver wer spannender en Jan Jacob makke in trochrinbal en Pieter wer in prachtige ofstanner. Foar de rest lei Asko de 6 – 4 der noch yn, sadat it fan grut belang wie it earste goal te meitsjen nei de rest.
Jan Jacob ferstie dit en makke wer in prachtige ofstanner, mar kriege dernei ek in diskutabele strapworp tsjin, sadat de stan op 7 – 5 kaam. It spul waar minder, it tempo lei leger en it waar wat trochsichtig, sadat wy it us sels net makkelik makken. Mar dochs lei Pieter lokkichernoch noch in goal yn it kuorke, sadat de stan op 8 – 5 kaam. Ek Peter wie dizze wedstriid op dreef en lei fan fier de 9 – 5 der kreas yn. Jan Jacob makke wer in moaie ofstanner en Anja makke ek in kreas lyts kanske of. Pieter goaide in lange bal fanut de ferdiediging rjochtstreeks nei Anja, sadat sy de 11 – 5 der yn lei. Tot slot makke Pieter noch in ofstanner en makke Asko noch in strafworp, wertroch de einstan op 12 – 6 kaam.
Fansels docht dizze oerwinning us team goed. Hopelik sil it betrouwen yn it team en yn de spielers sels wer werom weze, sadat wy de rest fan de kompetysje moai winnend utbalje kinne.
De skoares: Pieter 5, Jan Jacob 4, Peter 2, Anja 1